Afleveringen
-
Hij trok haar mee. Het leek wel of iedereen een tomeloze energie bezat, want zelfs na uren dansen leek het nog drukker op het stuk gras dat dienstdeed als dansvloer. Zweet en drank vlogen in het rond. Er werd gesprongen, gejoeld en geschreeuwd. De stemming was uitgelaten. 'Iedereen danst alsof zijn leven er vanaf hangt,' schreeuwde Birdie in Red's oor. 'Dat is ook zo!' 'Wat?' Niet-begrijpend keek ze hem aan. Yn 'Het Feest', in ferhaal fan Anita Terpstra, komt Birdie op in heimsinnich feest terjochte. Elk wol der foar ĂștnĂ»ge wurde, mar net elkenien komt der ek wer wei. It ferhaal wurdt foarlĂȘzen troch Marjolein Ley. Dit is it lĂȘste diel fan it seizoen Boekekast 2022. Dit jier slĂșt Boekekast oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlĂȘzen yn 100 paradyslike tunen yn FryslĂąn. Yn Boekekast acht ferhalen, mei in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
-
Lykas de rĂ»zjende beek yn 'e djipte meĂ€nderet de werklikheid achter harren oan, it oantinken oan wat west hat, fongen yn it ljocht fan in sinne dy't sĂ»nt jier en dei smoart yn it wolketek dat de ierde omklammet, in beroete each, dat de trije flechtlingen kinne amper sjen wĂȘr't se har fuotten delsette moatte. Yn it ferhaal 'Fan bosk en iepen fjild' folget skriuwer Koos Tiemersma trije klimaatflechtlingen op har paad nei... ja, wĂȘrhinne? Is der noch hoop? Ien fan harren, Tiede, fertelt ferhalen, wittend dat sĂ»nder foarĂștsjoch de minske ferlern wĂȘze sil. In fertelling as tsjingif. It ferhaal is foarlĂȘzen troch Sjoerd Bottema. Boekekast wurdt makke troch Karen Bies yn oparbeidzjen mei it projekt 'Uitgesteld Geluk' fan Ljouwert UNESCO City of Literature.
-
Zijn er afleveringen die ontbreken?
-
It gebeurde wol faker, dat ik te lang mei wat trochgie. 'Sille wy in spultsje dwaan,' hie ien sein, healweis dy sneintemiddei, yn dy lytse studintikoaze keamer oan de Fiskmerk. 'Wa't it langst stil wĂȘze kin.' It doel wie fansels om de bern kalm te krijen, dy't mar omtjirgen en al twa glĂȘzen omgoaid hienen. It begjint mei in spultsje. Mar de ik-persoan Ășt it ferhaal fan Nyk de Vries, in jonge frou, giet troch, bliuwt swijen, jierrenlang. 'Sille wy in spultsje dwaan?' wurdt yn Boekekast foarlĂȘzen troch Nynke Heeg. De podcast Boekekast slĂșt yn 2022 oan by Ătsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlĂȘzen yn 100 paradyslike tunen yn FryslĂąn. Acht fan dy ferhalen binne te hearren yn Boekekast, mei dĂȘrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
-
De geheime etenswaren in mijn la leken een warm licht af te geven. Als ik 's avonds in het donker in slaap probeerde te komen, ingesnoerd door veel te strak gespannen lakens, dacht ik aan het rozijnenbrood en de brandnetelkaas. Was dit misschien wat Adam en Eva ervoeren, nadat ze hadden gegeten van de verboden vrucht? Werden ze verdreven uit het paradijs of voelden ze zich er niet meer thuis nu ze onderscheid konden maken tussen goed en kwaad? Yn it ferhaal 'Rozijnenbrood met brandnetelkaas' beskriuwt Welmoed Wijma hoe't sy foar de earste kear lokkich wurdt fan it priuwen fan hearlik iten. It is de wĂ»nderlike smaak fan in oare, nije wrĂąld. It ferhaal wurdt foarlĂȘzen troch Suzanne van Zwam. Boekekast fan 2022 slĂșt oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlĂȘzen yn 100 paradyslike tunen yn FryslĂąn. Yn Boekekast 8 fan dy ferhalen, mei in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
-
Patrick joech him op 'e leuning fan de tĂșnbank del en sei: 'As ik it goed begrepen ha, is it oan Ășs om Ășt te finen wat der noch oan dit rikeljusplak Ă»ntbrekt om der in paradys fan te meitsjen. En dĂȘr binne wy folslein eigen baas yn.' Ik knikte. 'Dat is wĂȘr't it yn dit eksperimint om giet: sjen hoe moai de wrĂąld wurdt as seis jonge minsken dy nei eigen goedtinken ynrjochtsje.' Sietse de Vries skreau it koarte ferhaal 'Parkeare yn it paradys', oer in groep jongeren dy't de baas wurdt fan in grutte filla mei tĂșn, kas en beamtegrien. It ferhaal wurdt foarlĂȘzen troch Sjoerd van Beem. Boekekast fan 2022 slĂșt oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlĂȘzen yn 100 paradyslike tunen yn FryslĂąn. Yn Boekekast 8 ferhalen, mei dĂȘrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
-
'Ik heb een lange dag. Het is tuincontrole.' 'Waarom moet jij dat weer doen? Gaat er iemand mee?' vroeg ze. 'Nee, het is maar een kleine wijk.' 'Maar ook een slechte wijk.' Zijn vrouw klikte de broodtrommels dicht met extra venijn. Dat deed ze altijd als ze bezorgd was. Nicole van den Berg skreau it koarte ferhaal 'Gemeenschapsgrond', oer in amtner dy't tidens syn wurk yn gesprek komt mei in bewenner fan wa't de tĂșn nedich opromme wurde moat. It ferhaal wurdt foarlĂȘzen troch Anna Raadsveld. Boekekast fan 2022 slĂșt oan by it projekt Ătsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of LIterature. 100 ferhalen, foarlĂȘzen yn 100 paradyslike tunen yn FryslĂąn. Acht fan dy ferhalen komme yn de podcast Boekekast, mei dĂȘrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
-
'Op 'e moaie dagen kaam LĂștzen by har lizzen, socht in plakje yn har hals. Earst fielde it kribeljen fan de fearkes tsjin har hĂ»d frjemd oan, mar it waard al gau eigen. LĂștzen fertroude har, woe by har wĂȘze en sy hie wer ien om har leafde oan te jaan.' Berber Bouma skreau it koarte ferhaal 'Wjukken', oer in frou dy't har man ferlern hat. De frou siket tenei leafde en gelok by har parkyt. It ferhaal wurdt foarlĂȘzen troch Tet Rozendal. Boekekast fan 2022 slĂșt oan by it projekt Ătsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlĂȘzen yn 100 paradyslike tunen yn FryslĂąn. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dĂȘrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
-
'Sa hearden hja alle dreamen fan elkoar, geef, gol en glei. It wûn de minsken op. It duorre net lang of se hienen meielkoar in kompleet loftkastiel skepen, dat se sabeare bouden op it eastlike heuveltsje yn see dêr't se mei kleare loft op útseagen. Elk waard der fleurich fan. Rillegau begûnen se plannen te smeien om nei it eilantsje ôf te stekken en dêr har dreamen wier te meitsjen.' Yn Fjoerseelân beskriuwt Bart Kingma in lytse groep minsken dy't oerbleaun is neidat de see it lân oerstreamd hat. Om net allinnich te oerlibjen, mar om dat libben ek de muoite wurdich te meitsjen, sykje se nei langstme en eangst. De podcast Boekekast slút yn 2022 oan by it projekt Útsteld Gelok (Uitgesteld Geluk) fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, op 100 dagen foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Acht fan dy ferhalen binne te belústerjen yn Boekekast, mei in koart ynterview mei de skriuwer.
-
Ik lit my achteroer falle op de learen bank. Ik fiel it swit yn myn nekke as ik myn holle tsjin it kĂąlde kessen fan de bank triuw. Ik skop myn sneakers Ășt, klap myn fuotten op it taffeltsje en doch de eagen ticht. Ik fiel myn hertslach yn myn holle en yn myn hals en ik hymje as ha 'k krekt in hiel ein draafd. It ferhaal 'It suske fan' is skreaun troch Thys Wadman en wurdt foarlĂȘzen troch Thijs Feenstra. Thys Wadman (1956) is skriuwer, is krekt as Ă»nderwizer mei pensjoen gien en muzikant.
-
It wie de tiid dat radio's in grien each hiene, dat popgroepen mei bistenammen de hitlisten bestoarmen en prinsessen harren ferloofden. Dat klanten net foarby de toanbank yn de winkels kamen, mar geduldich wachten oant de winkelman sels de waar fan de planken pakte, om dĂȘrnei mei in stompke potlead it rekkentsje op te meitsjen. It ferhaal 'Hoe't ik it fjildfirus skipe' is skreaun troch Lida Dykstra en wurdt foarlĂȘzen troch Nynke Heeg. Lida Dykstra (1961) hat tal fan, benammen, berneboeken skreaun yn it Frysk en yn it NederlĂąnsk. As Berneboeke-ambassadeur giet se faak op skoalbesite.
-
De barbecue dy't it buertsje organisearre, wie net echt foar de bern bedoeld. Wiebe Santema heit fan twa, helpdeskmeiwurker sûnder hier en yn syn frije tiid in betûft kajakfarder hie mei Jouke Zwerver heit fan trije, prosesbegelieder, troud mei Lubke en yn syn frije tiid meastal dwaande mei de tún it ien en oar rom en foaral simpel ynkocht. Fleis en fet: it gie hjir om de primêre geneuchten. It ferhaal 'Gjin fleis mear' is skreaun troch Jaap Krol en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Jaap Krol (1970) hat ferskate Fryske boeken publisearre, syn lêste boek is in Nederlânsktalige ferhalebondel De hond die overstak. Hy skriuwt ek kollums foar it Friesch Dagblad en strjitkrante De Riepe.
-
Op it sollisitaasjepetear die bliken dat it om in oare baan gie. DĂȘr siet ik, yn myn moaie jurk en mei in earstegraadsfoech foar Frysk. Mar myn diploma's leinen by Frits. 'Wat sikest krekt yn 'e berne-opfang?' frege de jonge frou mei de reade hynstesturt. Ik wĂe al oerkwalifisearre, mar dit senario hie my yn myn sliepeleaze nachten noch net wekker hĂąlden. It ferhaal 'Lost in Translation' is skreaun troch Jetske Bilker en wurdt foarlĂȘzen troch Nynke Heeg. Jetske Bilker (1960) is skriuwer, oersetter, resinsint en se jout kursussen kreatyf skriuwen.
-
As ik it lĂȘste tsjil pak om oan it Ă»nderstel fĂȘst te meitsjen, stiet myn soan Jacco ynienen yn 'e iepening fan 'e carport. 'Dus dochs?' freget er nei de bekende wei. 'Ja, dus dochs,' sis ik justjes nitelich, om't wy der al safolle wurden om smoarch makke hawwe. De ienmansĂ»nderseeboat Ășt 'e Twadde WrĂąldoarloch fan it DĂștske type Biber is in erfskip fan Ășs heit, dy't der doe mei fearn hat. It ferhaal 'DĂ»ke, verdammt noch mal' is skreaun troch Geart Tigchelaar en wurdt foarlĂȘzen troch Thijs Feenstra. Geart Tigchelaar (1987) is oersetter, skriuwer en dichter.
-
Libbe siet op 'e bank en seach nei de swarte kroltsjes fan syn pakesizzer. It jonkje siet al in healoere by him op 'e skoat en hie de tomme yn 'e mĂ»le. Der wie neat dat him en Roland mear nei 't sin wie as dit. It ferhaal 'It moaiste' is skreaun troch Piter Boersma en wurdt foarlĂȘzen troch Rein Tolsma. Piter Boersma (1947) is skriuwer, Ăștjouwer en haadredakteur fan Frysk literĂȘr tydskrift Ensafh.
-
Mei in plof lit Auke him op it bankje falle. Op syn fĂȘste plak, it fierste hoekje. DĂȘr set er de soerstofflesse njonken him op de grĂ»n. Hy sjocht even op de mjitter, de wite izeren buis sit noch trijekwart fol. Krekt as op de measte dagen is er earst. Dat komt moai Ășt, want dan kin er even bykomme fan de reis op syn scootmobyl. It ferhaal 'Trije Friezen en in Turk' is skreaun troch Ferdinand de Jong en wurdt foarlĂȘzen troch Rein Tolsma. Ferdinand de Jong (1969) skreau seis romans en hy is kollumnist by Omrop FryslĂąn.
-
'WĂȘrom giet mem net op Tinder?' freget Brecht. Mar dĂȘr sit Pytsje net op te wachtsjen. En se wol ek net nei 'First Dates'. Dy moderne dating-metoaden, neat foar har. Mar dan fynt se har Ăąlde poezyalbum werom, mei dĂȘryn de namme fan in geheime jeugdleafde. Dan lĂ»kt Pytsje de stoute skuon oan. It ferhaal 'Old School' is skreaun troch Hilda Talsma en wurdt foarlĂȘzen troch Nynke Heeg. Hilda Talsma (1971) hat tal fan romans op har namme stean, ek skreau se in berneboek, toanielteksten en se is kollumniste by Omrop FryslĂąn.
-
De Koma-Korrektor, yn 2018 ferskynd by de Afûk, is Baukje Zijlstra har debútroman. Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him nei de oarloch, yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de Polisjonele Aksjes in befel wegere. Dêrfoar moast er foar de kriichsried ferskine en hat er in jier finzen sitten. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.
-
Wek yn 'e rivier is it ferhaal fan in hĂșshĂąlding dy't troch de oarloch Ăștinoar skuord wurdt ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad stiet fan Ake. De hĂșshĂąlding, dy't, mei inkelde Ă»nderdĂ»kers libbet op in pleats yn de Dongeradielen libbet rekket yn it fersetswurk behelle. Mei jonges fan 'e Knokploeg wachtsje de heit, Ake en syn broer op fleantugen dy't wapens droppe sille foar it ferset. In fragmint Ășt Durk van der Ploeg syn boek Wek yn'e rivier wurdt foarlĂȘzen troch Rein Tolsma.
-
Yn 'Hierbak' komt Sjerp foar in drege kar te stean. Of trije kriminelen út de wei romje, of sels fermoarde wurde troch Piter, in man dy't te pas en te ûnpas yn syn hûs opdûkt. Kin Bak de krimineel Achmed Nochwat rêde troch him yn in âld arkje te ferstopjen, sûnder dat Piter dat yn 'e gaten kriget? En wat wol Loes, in âlde leafde dy't him wer opsiket, eigentlik fan him?
-
De ferhalen 'Jantsje ..., Ja heit ...' en Marcello komme út de bondel 'Tsien fan Hylkje', yn 2016 ferskynd by de Afûk. Foar dizze bondel socht Douwe Kootstra tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga út. Yn har humoristyske koarte ferhalen stelt de skriuwster it ûnwierskynlike gauris foar as deagewoan.
- Laat meer zien